Froukje Annema beskriuwt yn Sunder garansje it oangripende ferhaal fan Hilda, in frou yn de fjirtich, dy't samar fan in sun minske in kankerpasjint wurdt as by har boarstkanker konstatearre wurdt. De dokters kinne gjin garansje op genezing jaan mar ferklearje har oan de ein wol better. It ferhaal wurdt ofwikelse troch in twadde ferhaalline. Hilda's njoggentjinjierrige dochter Selma wurket op in kantoar en hat temuk in relaasje mei in troude, aldere kollega. Hilda fielt dat der wat mei har dochter oan 'e han is. Pas as de affere achter de rech is en Hilda genezen, komme, op de leste bledside, mem en dochter wer byinoar.
Dizze fjirde printing is de werutjefte fan de tredde printing ut 1999, mei in neiwurd fan Jelma Knol.

Reacties (0)
Nog geen commentaar gegeven.