De Hobbit Frodo Balsma krijt fan syn alde nuveraardige omke Bilbo in wunder kado presint: in magyske ring dy't yn oeralde tiden makke is troch de Tsjustere Hear Sauron om der de wrald finaal mei te oerhearskjen. Frodo stiet foar de drege taak om dat op te kearen. Hy moat de Ring yn it fjoer fan 'e fulkaan, der't dy yn smeid is, smite.
Dat smyt spannende, benaude en merakelse aventoeren op. Us krigele stek-yn-'e-buse striidt tsjin - en mei - dwirgen, elven, keningen, ferflokte legers, trochtrape tsjoenders, mysterieuze Ringgeasten, fule roffugels, mesjoche meunsters en oar aaklik njirrebrod.
Dat alles spilet yn in eksoatysk lanskip - under- en boppe-ierdsk, paradyslik en tagelyk unherberchsum - mei idyllyske bosken,
net te betwingen bergen, unpeilbere ravinen en dunkere hoalen,
kerbustige rivieren en uneinige seeen: Midierde - in fiktive wrald, dy't J.R.R. Tolkien sels skoep, kompleet mei folken, talen, skiednis en mytology.
De Hobbit fan John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein 1892 - Bournemouth 1982) is de prolooch op Master fan alle Ringen, en stiet oan 'e widze fan 'e saneamde fantasy-literatuer.
De wraldwiid populere trilogy The Lord of the Rings (Hollanske oersetting: In de ban van de Ring) is ferfilme troch Peter Jackson en yn tsientallen talen oerset, dit is de fjouwerenfjirtichste.
Liuwe Westra levere in masterstik mei syn Fryske oersetting fan it earste diel The Fellowship of the Ring, It Selskip fan de Ring. Tolkien hie der grif niget oan han, want hy begong syn wurk eins gewoan as taaloefening.

Reacties (0)
Nog geen commentaar gegeven.