Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy't dreame fan in better bestean. Frearkje, de aldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade. Mei him fart se jierrenlang op de alde snikke. Ek stiet se noed foar Durkje, de jongste dochter. Hja is troud mei arbeider Auke dy't dreamt fan in eigen spultsje en hieltyd jild fan oaren nedich hat.
Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren, earst as fuljeton foar it tydskrift
Yn us eigen tael. Utjouwer Brandenburgh fan Snits publisearre it yn 1946 yn boekfoarm.
Dit boek is de werutjefte fan de tredde printing ut 1994. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.

Reacties (0)
Nog geen commentaar gegeven.