De Fryske literatuer is ryk oan folksferhalen. Dat dy bewarre binne is te tankjen oan in oantal warbere sammelers dy't fan de njoggentjinde ieu of de ferhalen opskreaune. Ype Poortinga reizge tusken 1970 en 1975 by fertellers lans om harren folksferhalen op ban op te nimmen en ut te wurkjen. It wiene benammen mearkes, segen en oarsprongsferhalen. Hy sammele sa'n seistuzen en lei in seleksje derfan fest yn in rige fan san manske boeken, dy't der tige goed ynfoelen. It earste, De ring fan it ljocht, kaam ut yn 1976, de oare seis alle jierren dernei ien. Theun de Vries sette it earste diel oer yn it Nederlansk.
Dit boek is de werutjefte fan de earste printing. De tekeningen binne fan G. van der Meer.

Reacties (0)
Nog geen commentaar gegeven.