Yn De oare helte fertelt de Fryske berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum har libbensferhaal. Sy docht dat net gronologysk, mar sa't it unthald it bewarre hat. Sjoukje Bokma de Boer, sa't de skriuwster hjitte, libbe fan 1860-1939. As frou fan politikus en Frysk dichter Piter Jelles Troelstra makke sy de opkomst fan de arbeidersbeweging yn Fryslan en de lanlike striid fan tichte by mei. Op in tige persoanlike wize fertelt de skriuwster fan Afke's Tiental oer hoe't hja mei Troelstra yn 'e kunde kaam, oer de bern en har wurk as skriuwster, oer it houlik en de skieding der't dat - mei troch har swakke sunens - op utrun. En oer hoe't sy geandewei minder opseach by har man en har eigen paad fun as berneboekeskriuwster. De auteur brukt yn dit boek in styl fan fertellen dy't oanslut by de sfear fan de tiid der't de roman yn spilet.
Dit boek is de werutjefte fan de twadde printing ut 1997.

Reacties (0)
Nog geen commentaar gegeven.